Grutte Pier (Stagger Lee)

http://youtu.be/FxvlTJk1GfI

yn ‘e jierren tritich wie it libben swier
hy hie in lytse snor en briljantine yn it hier, Grutte Pier
hy hie soldateskuon en in arbeiderspet
en in âlde Zündapp mar dy ride net

syn wiif smyt him derút yn de winterkjeld
en skriemde: ‘weagje it net en kom hjir ea wer del!’
dat hy rûn troch de rein en de modder mei syn noeden
oant hy kaam by in kroech: ‘de amerfol bloed’

hy sei: ‘hee boerelul, witst wol wa’t ik bin?’
en de barman sei: ‘nee, en ik wol dy ek net kinne’
‘ofsto it witte wolst of net seit my gjin mier
ik bin in echte boerelul en se neame my Pier,
Grutte Pier!’

barman sei: ‘lju as dy bin’k hjir net brek
en no fuort do of ik smyt dy by de buorman oer it stek
Menear Grutte Pier’
Pier sei: ‘do lulst nea wer sa út dyn nek’
pakte in biljartstok en sloech de barman lyk foar de bek
en de barman wie dea

Nynke van Hichtum kaam troch de doar
fan alle hoeren yn it doarp fertsjinne hja de measte sinten by inoar
se rûn troch de kroech en luts har skelk omheech
en sei: ‘hee grutte jonge, sille wy even mei ús beiden nei de steeg’

se seach de barman, sei, ‘it is dochs net wier
is hy dea?’ Pier sei: ‘sjochst dochs dy plasse bloed hjir op ‘e flier’
se sei: ‘sa te sjen hasto wol aardich ferlet
kom mar mei my mei, dy kostet it hielendal neat

mar it moat even fluch en sûnder flauwekul
want as Piter Jelles ús fynt dan bin ik moai de lul’
‘ik bin hjir krekt en ik gean noch lang net fuort
en as Piter Jelles komt te eameljen neuk ik him fan achteren yn syn mânljuskut

ik bin in grutte boerelul en myn broek stiet altyd bol
en as der gjin froulju binne pak ik sûgen as Piter Jelles yn harren hol’
Piter Jelles kaam deryn en sei: ‘it is dochs net wier
dêr ha wy dy grutte klier fan in Grutte Pier’

‘ja, ik bin Grutte Pier en no gau op ‘e knibbels
en mûle iepen oars krijst myn mes tusken de ribben’, sei Grutte Pier
dat Piter Jelles knibbele del en sûgde Pier klear
en Pier sloech Piter Jelles hartstikkene kroandea

hy wie in boerelul
hy hjitte Grutte Pier

Vertaling van nummer van Nick Cave & The Bad Seeds


Geplaatst

Reacties

Eén reactie op “Grutte Pier (Stagger Lee)”

Geef een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.