Snipperdei

SNIPPERDEI
Blijspul yn twa bedriuwen fan Oene Spoelstra

Hindrik de Vries, sjauffeur by de Frico, hat op in moarn gjin nocht om oan it wurk te gean. Gryt, syn frou, prottelet wat op him om mar stekt úteinlik allinne ôf, ek nei har wurk by de Frico. Hindrik makket him klear op in noflike dei fan omstippe yn eigen hûs, as der in kollektant oan ‘e doar komt.

Dizze kollektant noeget himsels deryn en wurdt hieltyd frjemder yn syn hâlden en dragen. Hy is frij yn ’e mûle en bretaal en Hindrik rekket fan slach.

Efkes útrêste is der net by. Buorfrou Galama kloppet op ’e doar en stoot yn ’e hûs. Sy siket beskerming by Hindrik, om’t har man losse hannen hat, en krûpt him op ‘e lije side.

En dan kriget er ek noch in tillefoantsje fan Hindrina, in skarrel út it ferline, dy’t delkomme wol om’t sy har jierdei by Hindrik fiere wol. Sy komt del en keapet in pear taartsjes fan Hindrik syn sinten. Hindrik hinget ûnderwilens slingers op, mar it slagget harren net om de sfear fan eartiids wer op te roppen. Mei ferwiten oer en wer geane hja út elkoar. Hindrik sil him dizze dei noch lang heuge. Wat sa’n noflike dei wurde soe pakt foar him dochs hiel oars út.

ROLFERDIELING

Hindrik Marc Kooij
Kollektant Jester Posthumus
Hindrina Thirsa Reinsma
Gryt Peta Visser
Buorfrou Galama Saskia Zeinstra
Rezjy Thomas Bijlsma
Ynstekster Francien de Vries
Lûd en ljocht Sjerk Zoodsma
Dekôr Piet Hollenga
Elmar Kuiper
Ronald Verheij
Smink Anneke Wiersma
Foto Elmar Kuiper

Beide jûnen is der wer in ferlotting. Wa’t in pryske jaan wol, kin dat jûns meinimme nei it doarpshûs.
ÚTFIERINGS OP FREED 23 EN SNEON 24 MAART OM 8 OERE JÛNS YN DOARPSHÛS DE MURDHOUN, TOANIELFERIENING DE TAKOMST HÚNS/LEONS


Geplaatst

Reacties

Geef een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.