31 januari 2006
Literêr Sirkwy

Ja, Literêr Sirkwy, ik doch ek wer mei, stikken foarlêze. En muzyk meitsje, ik wat sa net krekt wat wêr. Wacht, ik sykje it op. As dj Keu yn Piet Paaltjens (Ljouwert) en mei Intolerant yn Marktzicht (Drachten). Foarlêze yn Boalsert, De Gloppe en yn Harns.

Acht menuten de skriuwer tocht ik.
Sjoch mar even op de Literêr Sirkwy webside.


Data Literêr Sirkwy

Snein 26 febrewaris yn 'grand café It Praethuys' yn Boalsert om 15.00 oere
Tongersdei 2 maart yn restaurant 'Piet Paaltjens' om 20.00 oere
Sneon 4 maart yn kafee 'Marktzicht' yn Drachten om 20.00 oere
Snein 5 maart yn 'toon- en kleinkunst café De Gloppe' yn Ljouwert om 20.00 oere
Freed 10 maart yn hotel ''t Heerenlogement' yn Harns om 20.00 oere
Snein 12 maart yn 'museum Belvédère' yn it Hearrefean om 15.00 oere


PARSEBERJOCHT

Literêr Sirkwy

LJOUWERT - Fan 25 novimber oant 17 desimber 2005 sil It Literêr Sirkwy wer plakfine: twaentweintich skriuwers/dichters/performers dy't op seis poadia ferspraat oer Fryslân harren wurk oan it publyk bringe. Jetske Bilker, Hidde Boersma, Piter Boersma, Pier Boorsma, Tsead Bruinja, Ronald Jan Fokkema, Wieke de Haan, Hein Jaap Hilarides, Yva Hokwerda, Arjan Hut, Jouke Hylkema, Marc Kooij, Elmar Kuiper, Remco Kuiper, Pierre Mansire, Albertina Soepboer, Janneke Spoelstra, Abe de Vries, Matty de Vries, Nyk de Vries, Cornelis van der Wal en Henk Wolf, sille yn wikseljende gearstalling op ferskate poadia ferskine. Dêrneist sil alle kearen in iepen poadium romte biede oan oare skriuwers en/of dichters om foar te dragen út eigen wurk. Muzikale meiwurking fan Highway 54, Rakefet, Crazy Brains en Intolerant.

Freed 25 novimber om 20.00 oere wurdt der yn hotel 't Heerenlogement te Harns it startskot jûn. Dêrnei yn folchoarder, op freed 2 desimber om 20.00 oere yn De Herberg van omme Lammert en tante Klaasje te Warkum, op snein 4 desimber om 17.00 oere by Jaep Meems op it Jinkepaed 3 yn Twizelerheide, op tongersdeitejûn 8 desimber om 19.00 oere yn boekhannel Van der Velde te Ljouwert, op snein 11 desimber om 20.00 oere yn restaurant Piet Paaltjens te Ljouwert en as ôfsluter sneon 17 desimber om 20.00 oere yn it doarpshûs fan Húns. Oeral fergees tagong.

It Literêr Sirkwy is in inisjatyf fan It Skriuwersboun om skriuwers en dichters mear gelegenheid te beiden harren sels te presintearjen. It inisjatyf is berne út it ferlet om foar de Fryske literatoaren mear poadia te kreëarjen. De literêre programma's binne breed fan opset: sawol proaza as poëzij en oare performances komme oan bod, sa sille alle optredens opfleure wurde mei ferskate foarmen fan live muzyk. De organisaasje en presintaasje is yn hannen fan de hearen Jansma en Wijngaarden. Foar mear ynformaasje:

www.literersirkwy.nl

Geplaatst door dj Keu :: 13:52
HUUB :: 01 februari 2006 15:17 :: e-mail :: website

DFad f kfjasdjf fajrlkawer dERJIMEDR PEJ sapjfadjf afpodjtka dapf dsprfje dawoernc xjsrarpglldmfr cmefke,akmfdesmfcsfde[cfc foerffns f[asdkfdc dxf cpsdfjsfda mfdpf...

dj Keu :: 01 februari 2006 15:38 :: website

No knap.